It programma

Dit jier betinke wy Kneppelfreed 60 jier (16 novimber 1951). Fan septimber oant en mei novimber (60 dagen) sille tal fan aktiviteiten plakfine yn Fryslân. Yn dy 60 dagen betinke wy net allinnich Kneppelfreed – reboelje by de rjochtsaak oer it Frysk yn it offisjele ferkear – en Fedde Schurer (1898–1968), de dichter, sjoernalist en politikus, dy’t him yn dat ramt sterk makke foar it Frysk, mar ek wurdt oandacht jûn oan de rykdom oan talen op de wrâld.
Wat meie jo ferwachtsje yn dy 60 dagen? Alderearst fansels de iepening. Wy meie op 17 septimber in  ludike iepening ferwachtsje foar it Paleis fan Justysje yn Ljouwert.
Fierder sil in teaterbus troch Fryslân ride mei in bytsje in aparte famylje, de Bildstars, dy’t op in tal plakken in foarstelling jaan sille dy’t ús noch lang heuge kin.
Datselde jildt foar it projekt ‘Flagje foar taal’. Wethâlder Deinum fan Ljouwert, bestjoerslid fan Kulturele Haadstêd Fryslân, sil it begjin sein jaan foar in lawine fan flaggen dy’t oer Fryslân ferspraat wurde sil. Mar it binne fansels net gewoane Fryske flaggen. Dizze flaggen binne in symboal foar de minderheidstaal. Symboal of net, it is foaral ek de bedoeling dat alle minsken genietsje kinne fan it feestlike byld wat dat opsmite sil.
De slach by Warns sil yn it ramt fan dizze 60 dagen op in bysûndere wize betocht wurde. Oars as oars!
Ek it wurk en libben fan Fedde Schurer sil yn de belangstelling stean. Yn Ljouwert kinne wy in útstalling ferwachtsje yn Tresoar en de earste Fedde Schurer lêzing troch Marga Kool, âld deputearre fan Drinte, filosofe en skriuwster.
Yn in tal oare plakken yn Fryslân sille Fedde Schurer jûnen organisearre wurde mei meiwurking fan Tryater en Hindrik van der Meer. Hindrik
van der Meer, de bekende muzykman út Goaïingea, wurket mei de KFFB oan in nije útjefte fan De gitaar by it boek, in grutte searje folksaardige en faak ferrassend aktuele gedichten fan Fedde Schurer oer bibelske ûnderwerpen en bibelske figueren. Yn dizze nije bondel mei teksten en meldijen komme lieten foar solostim en koar. Der wurde twa útjeften makke: ien mei en ien sûnder muzyk. Boppedat komt der ek noch in cd fan.
Fierder sil yn de tsjerken en yn it ûnderwiis op ferskate plakken ekstra oandacht jûn wurde oan it Frysk. Dit uteret him yn de organisaasje fan in tal ‘Fryske sneinen’ yn tsjerken yn Fryslân – in liturgy is makke en beskikber steld troch Ds. Cor Waringa fan De Jouwer – en it oanbieden oan de basisskoallen fan it kreative en sosjale spul ‘Taaldoarp’, ûntwikkele troch it CEDIN, dat troch learlingen spile wurde kin.
Omtinken ek foar it Noardelik filmfestival. Dat falt dit jier yn deselde snuorje as de 60 keppeldagen en dat is allinnich mar moai. Films út minderheidstaalgebieten passe goed by it tema fan it keppelfeest.
De feestlike ôfsluting fan de 60 dagen sil plakfine yn Boalsert, de middeis en de jûns, yn en rûnom de Broeretsjerke. Wy kinne tidigje op in feestlik en ferrassend barren fan de middeis oant en mei de jûns ûnder lieding fan Albert Bonnema.
Dizze aktiviteitekalinder is noch net hielendal folslein. It kin hjir en dêr noch wat wizigje, want op it stuit is de organisaasje noch drok dwaande. It sil noch fierder oanfolle wurde mei lokaasjes en tiden. Nije ynformaasje kinne jo dan ek fine op www.keppelje.nl. Dus hâld dy webside goed yn it each!