byldmerk keppelfeest © 2011 admin. All rights reserved.

60 jier yn 60 dagen (klik hjir)

No’t yn ús tiid fan globalisearring lytse talen stadichoan útstjerre wol de Ried fan de Fryske Beweging de betinking fan 60 jier Kneppelfreed oangripe om minsken bewust te meitsjen fan de rykdom oan talen op ús wrâld. Dêrom is it doel fan de betinking net allinne Fryslân op ûnderskate wizen mei de persoan fan Fedde Schurer (1898-1968) de dichter, de sjoernalist en de politikus, yn ’e kunde te bringen. De Ried wol boppedat de betinking yn in breder mondiaal ramt sette: hoe komt it mei de rykdom oan talen op ’e wrâld. Moatte wy, wrâldboargers, it útstjerren fan de rykdom oan talen gewurde litte, of komme wy yn aksje.

Foar it Frysk jildt dat de taal noch tige libbet en rûnom praat, skreaun en songen wurdt. Boppedat binne de mooglikheden folle grutter as 60 jier ferlyn. It wurdt dêrom yn it foarste plak in fleurich feest fan Fryske klanken. Lykwols sil ek de reële noed en soarch oer de takomst trochklinke, en de solidariteit mei it Stellingwerfs, it Bildts en oare “lesser used languages” yn Europa (Mercator) .

By it ûntwikkeljen fan plannen foar it feest wurdt der noed foar stien dat sawol de âldere as de jongere generaasjes der yn diele kin. De opset is it feest 60 dagen duorje te litten, fan 17 septimber oant en mei de Kneppelfreeddatum 16 novimber. Dat hâldt yn dat de Ried siket nei barrens dy’t yn dy snuorje plak fine. Dêrnjonken besiket de Ried groepen op it idee  te bringen in bydrage te leverjen oan it talefeest fan 60 dagen of plannen yn dy rjochting om te bûgen.

Sa kin dan oan elts lytser of grutter talich barren itselde kaartsje hongen wurde, en is de betinking in fan it barren fan 60 jier ferlyn in oanlieding de Friezen bewust te meitsjen fan de rykdom fan it hawwen fan letterlik in eigen lûd.

Fan kneppelje nei Keppelje
Foar de betinking fan 60 jier “Kneppelfreed”  brûke wy de oantsjutting  “Keppelfeest”. Wy wolle graach dat sa folle mooglik minsken har ferbûn fiele mei de eigen taal. Der fierder op trochtinkend kaam de wurkgroep mei “fan kneppelje nei keppelje”. Dy “gjalp” hat sawol it ferline as de takomst yn him, en kin sa as paadwizer nei it talefeest tsjinje. It giet fan de reboelje fan Kneppelfreed 1951 nei it feest fan Keppelfreed 2011.

Troch de grutte reboelje op 16 novimber 1951 – de dei fan “Kneppelfreed” – kaam in proses op gong “fan geunst nei rjocht”. It konflikt dat Fedde Schurer hie mei de rjochterlike macht wie de katalysator en hie grutte en goede gefolgen. De kneppels dy’t dy deis brûkt waarden holpen de status fan it Frysk te ferheegjen. De rjochten binne der kommen.

It lêste kerwei: de taalwet foar it Frysk, is no ek – mei help fan Europa (!) op kommende wei. No is it tiid om gebrûk te meitsjen fan de mooglikheden dy’t der binne. Wy tidigje op respekt, romte en solidariteit  foar de lytsere talen. Net yn it minst fan de sprekkers fan dy talen sels. Mei ús aksje wolle wy in ympuls jaan oan it ienriedich oparbeidzjen fan de bewenners fan Fryslân stâl te jaan oan it behâld fan ús erfskip. Wy roppe de minsken op har memmetaal te brûken dêr’t dat kin. Net eksklusyf foar it Frysk, mar ek foar it Bildtsk, it Stellingwerfsk en it Stêdsfrysk. Solidariteit oer en wer is nedich. Net mear kneppelje – foar elkoar oer stean – mar ienriedich keppelje en ferbine. Sjoch hjir foar it programma
Andere tijden hat yn 2001 in programma makke oer kneppelfreed.